Zoekresultaten voor: *
Resultaat 81 - 100 (van 213)
Anders Rozendal Hupsakee en oare ferhalen
'Yn in foarich libben haw ik in grut seeman west,' sei omke. Neffens muoike wie dat lichtsinnich praat. En doe't wy omke mei de kloet dwaande seagen... Mei it fleurige 'Farre' begjint dizze ferhalebondel, dêr't alderhanne personaazjes yn foarbykomme. Jong en âld, en alles wat dêr tuskenyn sit. Elk, mei syn eigenaardichheden, tekoartkommings of wifelmoedigens, siket it paad troch it libben. Wolris op in wize dêr't men jin oer fernuveret of om skodholje moat. Guon fan 'e 60 ferhalen binne mankelyk,...
Westerlauwers Fries | 7 uur 12 minuten (314 MB) | KFFB, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)
Trinus Riemersma Minskrotten-rotminsken
"Minskrotten-Rotminsken is it meast aparte en fernijende boek dat Riemersma oan de Fryske literatuer bydroegen hat. Hy hat syn nocht fan de roman, hy wol net langer de slaaf fan it ferhaal weze en dêrom siket er it yn spontane ynfallen en oprispingen. Mar de rotten meitsje har baas en soargje derfoar dat der dochs in ferhaal yn it boek komt."
Fictie
Westerlauwers Fries | 145 pagina's (ePub2, 3 MB) | TDE, Leeuwarden | 2012
E-book
Trinus Riemersma De Reade Bwarre
It kearnferhaal yn dit boek hannelet oer de bodzjende gerniershúshâlding Bosma, alias de Modderklauwers, op it Ferwerter klaailân. Dêrnêst is der de geheimsinnige sekte fan de 'Bwarristen' dy't de lear neifolget fan de reade boarre Boldgrim, de 'grutte ferneuker'. In tredde ferhaalline fertelt de jeugdoantinkens fan it jonkje Tilly, it autobiografyske part fan it boek. Tuskentroch spylje parody op en polemyk mei histoaryske figueren út de Fryske beweging en literatuer, taalwittenskip en skiednis...
Westerlauwers Fries | 25 uur 39 minuten (1036 MB) | Koperative Utjouwerij, Easterwierrum | 2013
Luisterboek (digitaal)
Trinus Riemersma De fûgel
Yn in Italjaansk doarp komt de fûgel werom... It doarp leit as in roekenêst op in heuveltop. Lang lyn, yn de ûnrêstige tiden, wie dat in pree. It doarp wie ûnnimber foar de fijannen en it woeks út ta it bestjoerlike sintrum fan de krite. Dit is allegear fergiene gloarje. Mear as it oantinken oan it grutte ferline is net bleaun. En tsjustere skiednissen, dêr't nimmen graach oer praat. Lykas oer dy fûgel dy't as in duvel út 'e hel boppe it doarp hong en ûnferhoeds delsaaide. Mar dy fûgel...
Westerlauwers Fries | 1 uur 31 minuten (94 MB) | Venus, Haarlem | 2021
Luisterboek (digitaal)
Tr. Riemersma Libben en dea neffens Jelke Bos
Labrador Jelke Bos is oan it skriuwen rekke troch in hast-dea-ûnderfining: hy woe de bal dy't syn baas yn de sleat keild hie ophelje - en doe barde it. Hy koe ynienen neat mear en fielde himsels út it libben weiglydzjen. En dat wie eins net iens sa slim. Dat syn baas yn de sleat stapte en him derút helle, koe Jelke wol begripe. Mar efternei hie er leaver hân dat er doe op dat stuit yn alle frede stoarn wie. En dêr prakkesearret er no oer en skriuwt it op. Tagelyk jout er kommentaar op it libben...
Fictie
Westerlauwers Fries | 46 pagina's (ePub2, 1,5 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Tr. Riemersma De Reade Bwarre
romon
Experimenteel relaas van de ontwikkelingsgang van een jongen in een klein Fries dorp.
Fictie
Westerlauwers Fries | 1199 pagina's (ePub2, 4 MB) | TDE, Leeuwarden | 2012
E-book
Tr. Riemersma Nei de klap
Een groepje jongeren in Frankrijk, waaronder een Friese jongen, probeert te overleven nadat vrijwel de gehele mensheid door een wereldbrand omgekomen is.
Fictie
Westerlauwers Fries | 157 pagina's (ePub2, 3,6 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2014
E-book
Friduwih Riemersma | Tryntsje van der Steege | Eric Hoekstra Klassikers yn de (Fryske) literatuer
Live út de Skierstins
Sympoasium ûnder de titel 'Alde Meuk?' mei trije lêzings oer klassikers yn de Fryske literatuer. Friduwih Riemersma: Tiids tosk vs ikonoklasme Oer de rol fan klassikers yn ús kulturele libben. Gauris ha wy it oer klassikers, ek as wy it nét oer boeken ha. Mar wat makket in klassiker eins in klassiker? Wêrom ha wy klassikers, en binne dy algemien of yndividueel bepaald? Is in kanon wat oars as in rige klassikers? Kinne wy ús eins in wrâld sûnder klassikers foarstelle? En hoe soe dy der dan...
Westerlauwers Fries | 1 uur 27 minuten (76 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2014
Luisterboek (digitaal)
Kathy Reichs Firalen
In magysk en tige spannend fantasyferhaal yn it sjenre young adult fiction fan de hân fan de populêre skriuwster Kathy Reichs. In wolk luts foar de sinne del en smiet in skaad oer de lytse romte dêr’t ik op ’e knibbels siet. Imerkes tsjirpten op ferburgen plakken. It swit plakte myn shirt oan myn rêch fêst. Neat kaam by my binnen. Myn geast siet kompleet fêst oan dy lytse brune foarwerpen foar my. Ik twong mysels om de wierheid ûnder eagen te sjen. Ik hie de bonkjes fan in minsklike hân...
Westerlauwers Fries | 12 uur 22 minuten (653 MB) | Elikser, Easterwierrum | 2016
Luisterboek (digitaal)
Anne Tjerk Popkema | Gebroeders Grimm De moaiste mearkes fan Grimm
Spesjaal bewurke foar bern
De mearkes fan de Bruorren Grimm hearre ta de moaiste en bekendste ferhalen fan de wrâld. Al twa ieuwen lang sprekke se jong en âld oan. 14 fan dizze klassike mearkes hat de oersetter justjes bewurke foar jongere bern. Ynhâld 1. Toarnroaske 2. Hâns en Grytsje 3. Readkapke 4. Raaplokje 5. De kikkertskening 6. Broerke en suske 7. De wolf en de sân geitsjes 8. Kening Klysterburd 9. Oegemantsje 10. Sniewytsje en Roazerea 11. Bûntepels 12. De guozzefaam 13. De sân ravens 14. Frou Holle Bron:...
Westerlauwers Fries | 2 uur 10 minuten (148 MB) | Bornmeer, Easterwierrum | 2013
Luisterboek (digitaal)
Margryt Poortstra Minskebern
Twee mensenkinderen, een dementerende oude vrouw en haar pasgeboren achterkleinkind, staan aan de beide uiteinden van het leven.
Fictie
Westerlauwers Fries | 114 pagina's (ePub2, 2,9 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2014
E-book
Reinder Politiek De rykdom fan it ferline
Yn De rykdom fan it ferline fertelt Reinder Politiek oer it boerelibben yn syn bertedoarp Kimswert yn de tiid dat hy jong wie. Hoe't hy, lykas syn heit, boer wurden is, krekt as syn pake en oerpake. Der feroaren yn dy tiid net in protte dingen. Alles stie fêst en gie sa as it al jierren lang gien wie. Alles moast mei de hân dien wurde, en mei help fan hynders. It wie soms dreech om de fruchten út de grûn en op 'e tiid ûnderdak te krijen, sadat der yn 'e winter genôch te iten wie foar minsk...
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 257 pagina's (ePub3, 12 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2019
E-book
Edgar Allan Poe | Willem Schoorstra | Aant-Jelle Soepboer | Geart Tigchelaar Fryske horror
Grouwélige ferhalen - Live registraasje
Ferhalen fan de Fryske Horrortoer 2014, organisearre troch útjouwerij Regaad Grins Bernlef, Easterwierrum de Tysker, Bitgummole Ons Huis, Dokkum Zero, Burgum Kiehool. Douwe Kootstra bringt in huveringwekkende stoarje út de Wâlden, dat him oan en by de Goddeleaze Singel ôfspilet, by wat no Noardburgum hyt. Willem Schoorstra skreaun it ferhaal Chill, dêr't it op in horribele wize mis giet. Gjin ferhaal om koart foar in jûntsje stappen te hearren. Aant Jelle Soepboer makke spesjaal foar dizze...
Westerlauwers Fries | 1 uur 41 minuten (95 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2014
Luisterboek (digitaal)
Edgar Allan Poe De Raven en oare oersettingen
D.A. Tamminga (1909-2002), dy't njonken in grut en oertsjûgjend eigen oeuvre ek gâns oersettingen út oare talen op syn namme brocht hat, publisearre yn 1949 ta betinking fan E.A. Poe syn 100ste stjerdei syn oersetting fan The Raven yn it spesjale Poe-nûmer fan De Tsjerne. Dy oersetting komt de sombere glâns en de sonoare lûding fan it orizjineel mear benei as hokker oare oersetting ús bekend. (Freark Dam yn 1984) Neist De Raven binne de oersettingen fan njoggen koartere en ien langer gedicht...
Westerlauwers Fries | 49 minuten (70 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2023
Luisterboek (digitaal)
Durk van der Ploeg De jacht
In een klein dorpje bij Dokkum ontstaat in de crisisjaren voor de Tweede Wereldoorlog een dramatisch conflict.
Fictie
Westerlauwers Fries | 308 pagina's (ePub2, 3,6 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2014
E-book
Durk van der Ploeg Ûnder de Seespegel
Ûnder de Seespegel bestiet yn haadsaak út koarte ferhalen dy't yn it waadgebiet spylje. Durk van der Ploeg jout in sfearfolle ympresje fan it lânskip en fan de faak wat iensume personaazjes dy't syn ferhalen befolkje. Faak lûke dy minsken oan de koartste ein. Lykas de polhoeder fan de Bantspolder yn it ferhaal It Keal. Hy besiket in better takomst foar syn húshâlding te bestribjen yn de krisisjierren fan de foarige ieu. Yn Grûn fan ús grûn skriuwt in frou in brief oan har skoansuster yn...
Westerlauwers Fries | 4 uur 59 minuten (224 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2011
Luisterboek (digitaal)
Jan Piebenga Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse
Geschiedenis van de Friestalige literatuur tot 1955.
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 313 pagina's (ePub2, 7,2 MB) | TDE, Leeuwarden | 2012
E-book
Penninc De roman fan Walewein
Berijmde Friese vertaling van de Middelnederlandse ridderroman.
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 344 pagina's (ePub2, 0,8 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2011
E-book
Auck Peanstra Sitebuorren, myn eigen paradys
Oantinkens
Dochs hat it gefoel fan bûtensteander wêzen myn jeugd net knoeid, ik hie Sitebuorren, myn eigen paradys. In wrâld dêr't ik my ûntjaan koe, dêr't de fantasije rom baan krije koe. Romte, frijheid en feiligens: in rykdom dy't foar gjin jild tekeap is. Boppe wetter kommen brieven fan har mem binne foar Auck Peanstra oanlieding om de oantinkens oan it plak fan har jeugd op te skriuwen. Dy brieven jouwe in byld fan it erflik wrotten en wramen fan de boer en de noed om fee en bedriuw. Fan dy noeden...
Westerlauwers Fries | 6 uur 4 minuten (363 MB) | Venus, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)
Auck Peanstra It goud fan de Aboriginals
Nei't se in skoftke rûn hawwe, seit Hidde: 'Wêr binne dy tekeningen no? Wy binne dochs echt fan dizze kant kommen.' 'Ja,' seit Fardau, 'wy hiene der al lang wêze moatten. Of wie it miskien in bytsje de oare kant út?' De panyk slacht ta. 'Wy sitte midden yn de woastyn. Wy ha gjin iten en drinken by ús. En dy sinne!' Út it neat ferskynt ynienen in ploechje minsken. Brune minsken. Aboriginals, sjogge se daalk oan de gesichten. De mannen drage spearen as wapens... De Traveliers is in nije searje...
Westerlauwers Fries | 2 uur 33 minuten (164 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)